RAP (bromfyts)

Ut Wikipedy

RAP is in earder merk fan bromfytsen fan R.S. Stokvis & Soannen (1954-1970). In Nederlânsk bromfytsmerk dat meast Rex-motorblokjes ynboude. De meast bekende RAP-brommers binne de Rocky-sportbromfyts en de Crown-toerbromfyts.

Yn de jierren sechtich makke RAP brommers mei Rex-, Pluvier- en Puch-motors; yn de jierren santich waarden allinnich noch Puch-blokken brûkt. Feitlik wiene dat al Puch-bromfytsen, mar it oarspronlike merk stie noch op 'e tank wylst it efterspatboerd “RAP Imperial” fernijde. Stokvis produsearre yn de jierren sechtich teffens bromfytsen ûnder de namme Amstel.

In tal fan de RAP-brommers wîene in ûntwerp fan Arthur Hennekam dy't makke waarden troch syn broer Fré Hennekam (1914-2001) út Roosendaal. Arthur en Fré wiene de soannen fan Jan Hennekam dy't nei de krisisjierren yn Roosendaal in bromfyts-, taksybedriuw en letter in garaazje hiene.