RAER

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

RAER is in eksperiminteel Frysk literêr ynternettydskrift dat op 30 juny 2005 foar it earst ferskynde. RAER wol nei eigen sizzen mear absurdisme, seks, provokaasje, humor en eksperiminten.

De redaksje fan RAER bestiet út Johannes Appelscha, Eva Monsma, Simon Althuisius, Guzman El Hadri en Gerlof Visser. Sy wolle mei RAER in tydskrift meitsje dat Frysktalich, twatalich en meartalich is, en dat perfoarst gjin plak biedt oan moadepoëzij.

RAER ferskynt sa'n twa kear yn 'e moanne.