Springe nei ynhâld

Ru Clevering

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan R.J. Clevering)
Clevering yn 1973
De nei Clevering neamde slûzen yn Lauwerseach

Rubertus Jacob (Ru) Clevering (Den Andel, 1 augustus 1914 - Ienrum, 17 jannewaris 2013) wie in Nederlânske lânbouwer, politikus, bestjoerder en foarfjochter fan behâld fan lânskip en monuminten.

Ru Clevering buorke yn 't earstoan op de pleats Huningaheerd benoarden Ienrum. Dizze pleats kaam út de famylje fan syn mem en wie al sûnt 1652 yn de famylje fan Cleverings.
Fan 1955 oant 1979 wie Clevering foarsitter fan it wetterskip Hunsingo, no Noardersylfest. Fan 1971 oant 1979 by it wetterskip 'Electra' en fan 1968 oant 1979 fan it wetterskip 'Ommelanderzeedijk'.
Yn dy funksje wie er belutsen by de oprjochting fan de Molenstichting Hunsingo en Omstreken, dêr't er in lang skoft foarsitter fan wie. Dêrneist wie Clevering lid fan it bestjoer fan Het Groninger Landschap, lid fan it bestjoer fan Vereniging De Hollandsche Molen, riedslid en wethâlder fan de gemeente Ienrum en lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân (1950-1974).
Fierders wi er fan 1960 oant 1978 foarsitter fan de Groninger Waterschapsbond en siet er fan 1965 oant 1975 yn it bestjoer fan de lanlike Uny fan Wetterskippen.

Ru Clevering wie troud mei Tine Meijer, nei wa't de Tine Clevering-Meijerpriis neamd is.

Yn 2007 besleat it wetterskip Noardersylfest de Lauwerssluzen op Lauwerseach nei Clevering te ferneamen, de R.J. Cleveringsluzen.

Clevering is op 17 jannewaris 2013 yn Ienrum ferstoarn.

Tinkstien foar Clevering by de nei him neamde sluzen yn Lauwerseach

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: