Râneskrift
Appearance
It râneskrift (yn de numismatyk ek omskrift neamd) is in tekst op de râne fan in munt. Ek in klok kin in râneskrift hawwe; hjiryn stiet dan in tapaslike spreuk, of de namme fan de makker. By munten út djoere metalen tsjinnet in râneskrift om it saneamde snoeien tsjin te gean.
Sprekkend is de tekst op de râne fan in tal Ingelske en Britske munten DECVS ET TVTAMEN - fersiering en feilichheid (boarch). Op it Nederlânske 1-gûnestik, de ryksdaalder, it fyfke, it sulveren tientsje en it sulveren fyftigje en tsjintwurdich it Nederlânske 2-eurostik stiet de spreuk God zij met ons.