Quedam Narracio
De Quedam narracio de Groninghe de Trentis de Covordia et diversis aliis sub episcopis Traiectensibus of yn 't koart Narracio is in geskrift út 1232. De titel oerset: In ferhelling oer Grinslân, de Drinten, Coevorden en allerhanne oare saken ûnder ferskate Utertse biskoppen. Fral foar Grins en Drinte is de Narracio in wichtige midsiuwske kronyk.
Feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De auteur fan it stik is net bekend, mar út de ynhâld docht bliken dat er ta it kamp fan de biskop fan Utert heard hawwe moat. It stik is subjektyf. Guon passaazjes soenen no diskriminearjend fûn wurde kinne.
Der binne fjouwer ferzjes fan it geskrift bekend; hja ferskille op details. Undersyk hat útwiisd dat net ien fan de no bekende ferzjes it orzjineel is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stik is in ferslach fan it barren op de ein fan de 12e iuw en yn it begjin fan de 13e iuw dat laat hat ta de slach by Ane yn 1227 en wat dêrnei folge.
By de slach fan Ane ferlear it swierbewapenen leger fan de biskop fan Utert, Otto fan Lippe de striid tsjin de lichtbewapende Drintske boeren ûnder lieding fan Rudolf II fan Coevorden. It dokumint is trouwens it iennige ferslach fan dit barren.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De slach, dy't yn de Narracio de meast ellindige fan dy tiid neamd wurdt, hie fan gefolgen dat it gesach fan de biskop fan Utert oer Drinte en de stêd Grins sterk ferminderde. Fan doe ôf gedroegen beide streken harren frijwat ûnôfhinklik. Dit einige earst nei harren oansluting by de Republyk[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|