Pylders fan leauwen
Appearance
De Pylders fan leauwen (arkan al-iman) foarmje yn de Islam de belidenis fan Moslims, Akwidah (Arabysk: عقيدة). Hja binne de saken dêr't alle Moslims yn leauwe moatte. Ornaris binne dat der fiif, de Soenniten hawwe der seis.
De seis pylders binne:
- Allah is ien (Tawhid)
- Ingelen
- fjouwer Hillige Boeken (Rôlen van Abraham, de Tora, de Psalmen, de Evangeeljes en de Koran)
- de profeten en boadskippers
- de Weropstanning en de Lêste Dei
- foarbeskikking
Yn de Koran steane twa ferwizings nei dy Pylders:
- Soera De Ko 285: Dizze boadskipper leaut yn de dingen dy't him troch syn Hear iepenbiere is en ek leauwers, alle leauwen yn God, Syn ingelen, Syn boeken en Syn boadskippers, en sizzen: "Wy meitsje gjin ferskil tusken Syn boadskippers"; en sizzen: "Wy hawwe heard en jouwe om sizzen, Hear, wy freegje Jo om ferjouwing en ta Jo sille wy werom keare."
- Soera De Froulju 136: O Jimme dy't leauwe, leau yn God en Syn boadskipper en yn it Boek dat Hy Syn boadskipper iepenbiere hat, en yn it Boek, dat Hy earder iepenbiere. En elts dy't net yn God en Syn Ingelen en Syn Boeken en Syn boadskippers en de Lêste Dei leauwe wol, is fier ôfdwaald.