Protestantske Uny

Ut Wikipedy
Stiftingsoarkonde fan de Protestantske Uny

De Protestantske Uny wie fan 1608 oant 1621 in ferbûn fan protestantske foarsten en stêden yn it Hillich Roomske Ryk. It doel wie om de religieuze frijheid fan de protestanten te beskermjen tsjin de katolike kontrareformaasje.

Oan it begjin fan maaie 1608 noege markgreve Joachim Ernst fan Ansbach de protestantske foarsten fan Súd-Dútslând út foar oerlis yn Auhausen. Op 12 maaie sette it oerlis útein en yn de rin fan de ûnderhannelings ûndertekenen ferskate foarsten in tal oerienkomsten. De datum 14 maaie 1608 jildt as de datum dat it Uny-ferdrach ta stân kaam. It ferdrach, dat foar tsien jier fêstlein waard, wie suver defensyf: alle leden ûnthieten inoar om te helpen as ien fan de ûndertekeners oanfallen wurde soe.

Leden fan de Protestantske Uny fuort nei de stifting yn 1608

Under de ûndertekeners hearden karfoarst Freark IV fan de Palts, Kristiaan I fan Anhalt-Bernburg, hartoch Jehan Freark fan Württemberg, prins Wolfgang Willem fan Palts-Neuburg en de markgreves Joachim Ernst fan Brandenburch-Ansbach, Kristiaan fan Brandenburch-Kulmbach en Georg Freark fan Baden-Durlach. Noch yn itselde jier foegen it hiele Hûs Anhalt, it hartochdom Palts-Zweibrücken en it Hûs Oettingen-Oettingen harren by it bûn. Mar de hearsker fan Saksen, de machtigste protestant ûnder de Dútske foarsten, wiisde it ôf. Dêrfoaroer wist it bûn wol yn maaie 1609 de protestantske ryksstêden Neurenberch, Straasburch en Ulm oer te heljen harren by de Protestantsk Uny oan te sluten, letter folge troch Schweinfurt, Rothenburg, Weißenburg en Windsheim. Yn jannewaris en febrewaris 1610 wiene de leden yn Schwäbisch Hall by inoar. Op dat gearkommen ûnderskreaune ek de karfoarst Jehan Sigismund fan Brandenburch, lângreve Maurits fan Hessen-Kassel en de stêden Hall, Heilbronn, Kempten, Memmingen en Nördlingen it bûn. Wer letter kamen dêr noch de stêden Esslingen, Aalen, Giengen, Speyer en Worms by.

As réaksje op de Uny stiften de katolike foarsten en stêden ûnder lieding fan Maksimiliaan fan Bieren yn 1609 de Katolike Liga.

Ienriedigens by de Uny wie fakentiden fier te sykjen. De ryksstêden rôpen fral om reedlikens, wylst Kristiaan fan Anhalt mei in stûfe oanpak de Uny oerhearske. Yn 1613 gyng Jehan Sigismund oer op it kalvinisme en Wolfgang Wilhelm bekearde him ta it katolisisme, itjinge de posysje fan de Uny noch swakker makke. Underhannelings oer in ferlinging fan it ferdrach slagge allinne mar foar in perioade fan nochris trije jier, dus oant maaie 1621. De stêden krigen jimmeroan mear it gefoel brûkt te wurden troch de ambysjes fan Kar-Palts om de jonge protestantske karfoarst Freark V op de Boheemske troan te krijen.

It krewearjen om de ferhâldings yn it Ryk yn it foardiel fan de protestanten te ferskowen resultearre yn in grut skeel mei de keizer. Nei't Freark op 26 augustus 1619 dochs keazen waard ta de kening fan Bohemen besocht in mearderheid ûnder lieding fan Württemberg Freark op oare gedachten te bringen. Alhoewol't Freark witte moast dat er himsels jimmeroan mear isolearre, sloech er de warskôgings yn 'e wyn. Op 31 july 1620 waarden de Uny en de Liga it iens over in neutraliteitspolityk yn it Ferdrach fan Ulm, dat lykwols net op Bohemen fan tapassing wie. Dêrmei koene de keizer en de Liga optsjen tsjin Freark, sûnder dat de Uny tuskenbeide kaam. De troepen fan de keizer en de Liga fersloegen de protestanten yn de Slach op de Wite Berch yn 1620 en kening Freark moast flechtsje nei Nederlân, wylst yn Bohemen it katolisisme wer ynfierd waard as de iennige religy.

Op 24 april 1621 waard de Uny yn Heilbronn offisjeel opheft. Mar de winsk om mei it Ferdrach fan Ulm de kriich te beheinen ta Bohemen kaam net út en al yn 1622 lôge de striid yn Kar-Palts op, in nije faze fan de Tritichjierrige Kriich dy't grutte dielen fan it Hillich Roomske Ryk ferneatigje soe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Protestantische Union