Programma Oanpak Stikstof

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Programma Oanpak Stikstof (Nederlânsk en offisjeel: Programma Aanpak Stikstof, ôfkoarte ta PAS) is in beliedsramt út 2015 fan de Nederlânske oerheid om de natuer te beskermjen yn de troch Nederlân oanwiisde natuergebieten fan it Jeropeeske Natura 2000 programma[1]. It doel wie de stikstofdelslach yn de oanwiisde natuergebieten te ferminderjen, om't stikstofoksiden en ammoniak de natuer bedriigje. De boaiem wurdt fersoere en hoewol't stikstof in dongstof is, is tefolle stikstof net goed foar de biodiversiteit[2].

It programma besocht it besteande tefolle yn natuergebieten fuort te heljen en ek nije deposysjes yn natuergebieten te ferminderjen. It PAS waard ek by it jaan oan fergunnings brûkt, dêr't der op foarútrûn waard op takomstich ferminderjen fan de stikstofdelslach.

De Rie fan Steat hat op 29 maaie 2019 it brûken fan it PAS bij it jaan fan fergunnings ûnjildich ferklearre[3][4]. Dat late ta de stikstofkrisis, om't sa'n 18.000 plannen platlein waarden[5].

In kommisje ûnder lieding fan Johan Remkes brocht dêrnei op 25 septimber 2019 it earste advys út oer de te nimmen maatregels[6][7]. It kabinet kaam mei in foarriedige oanpak fan de problemen op 13 novimber 2019[8]. In dei letter wie der in keamerdebat[9].

Op 19 desimber públisearre de kommisje-Remkes it twadde advys: Bedongje en beweidzje yn 2020[10].

Startprojekt 2018[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Skiermûntseach rûn in jier foarút op de diskusje dy't ûntstie nei de útspraak fan de Rie fan Steat. Al yn maaie 2018 sleaten de sân molkfeehâlders op Skiermûntseach in oerienkomst mei de Feriening Natuermonuminten en de gemeente. Doel fan de oerienkomst wie om tegearre wurkjen te gean oan rikere natuer op it eilân en in better ekonomysk perspektyf foar de buorkerijen[11]. It eilân is as part fan It Waad in part fan de Wrâlderfgoedlist.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: