Produsint
"Produsint" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:
fan it Latynske produco, "ik bring nei foarren" of "ik bring foarút", fan pro ("nei foarren", "foarút") en duco ("ik lied")
- filmprodusint, ien dy't it tafersjoch hat oer it meitsjen fan films
- útfierend produsint of executive producer, ien dy't him benammen mei de finansiering dwaande hâldt en net (nau) belutsen is by de dêrmei mooglik makke filmprojekten
- lineprodusint of line producer, ien dy't op it budget past yn it ramt fan 'e deistige bedriuwsfiering by it meitsjen fan films
- ko-produsint, ien dy't in film- of tillefyzjeprodusint assistearret mar dochs in liedingjaande posysje beklaait
- muzykprodusint, ien dy't in liedingjaande funksje beklaait by in platemaatskippij en/of dy't it tafersjoch hat op it meitsjen fan albums en singles
- radioprodusint, ien dy't it tafersjoch hat by it meitsjen fan in radioprogramma
- teäterprodusint, ien dy't it tafersjoch hat by it meitsjen fan in teäterfoarstelling
- telefyzjeprodusint, ien dy't it tafersjoch hat by it meitsjen fan in telefyzjeprogramma
- webprodusint, ien dy't it tafersjoch hat oer ien of mear websiden