Springe nei ynhâld

Probolinggo

Ut Wikipedy
Probolinggo
Flagge Wapen
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje East-Java
Regintskip Probolinggo
Sifers
Ynwennertal ± 223.159 (2014)
Oerflak 25,24 km² (ynkl. wetter)
Oar
Stifting 1359
Tiidsône UTC+7
Webside [1]
Fiskersboaten yn de haven (2016)

Probolinggo is in stêd en gemeente oan de noardkant fan it eastlik part fan Java yn Yndoneezje. It plak leit likernôch 100 kilometer beëasten de provinsjehaadstêd Soerabaja.

De krite is fanâlds bekend om sûkerproduksje en letter ek de tylt fan mango's; teffens wurdt der rubber en rys ferboud. Der is in frij grutte fiskershaven. De fiskyndustry is wichtich foar de ekonomy fan de stêd. Fierders wurdt dêr keramyk en sarongs makke. De stêd is it begjinpunt foar tochten nei de Gunung Bromo (Berch Bromo), in grutte fulkaan.

It plak leit oan it spoar Soerabaja-Banyuwangi. Mei de bus is it sa'n 2,5 oere nei Soerabaja.

Yn 1918 krige Probolinggo in eigen gemeenteried mei as foarsitter de assistint-residint. Fan 1929 ôf krige se in eigen boargemaster (walikota).

Nederlânsk-Yndysk tiidrek
  • F.E. Meijer (1929-1937)
  • L.A. de Graaff (1937-1940)
  • L. Noë (1940-1942)

Berne yn Probolinggo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]