Springe nei ynhâld

Prikslydzjen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prikslydsje)
Prikslydzjen
Alde prikslide
In iishockey-slide

Prikslydzjen is it slydzjen oer it iis, mei in prikslide.

Prikslydzjen, ek wol iisslydzjen neamd, is in echte wintersport. Dizze sport is al sân iuwen âld. Nei alle gedachten is de sport sels âlder as it reedriden. De sliden binne licht en behindich en glydzje op izers fan redens, wêrtroch't der snelheden mei berikt wurde kinne, dy’t net ûnderdogge foar dy fan goeie reedriders.

Geskikt foar eltsenien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prikslydzjen is net alline in sport foar sûne minsken, mar ek foar minsken mei beheinings, sawol foar bern, jongerein as âlderein. Je binne aktyf dwaande, je oefenje it lichem, en ervare de sensaasje fan flitsende snelheden dy't sels mei in bytsje ynspanning berikt wurde kin. Prikslydzjen wurdt yn klupferbân beoefene, almeast op in oerdekte iisbaan, mar yn perioaden mei froast ek op natoeriis.

Rekreaasje- en wedstrydsport

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De slydsport wurdt ek troch net-beheinde minsken beoefene. Iisklups dêr hawwe neist it reedriden ek it prikslydzjen op it programma stean. Prikslydzjen is in rekreaasjesport, mar ek in wedstrydsport. Klups traine en begeliede harren leden nei keuze foar beide foarmen. Omdat it prikslydzjen as tûke fan sport groeit, wurde der ek hieltyd mear wedstriden organisearre. Dat bart yn klupferbân, mar ek op regionaal, lanlik en Jeropeesk nivo wêr't sporters mei en sûnder beheining oan meidwaan kinne.

De wedstriden binne noch it bêste te fergelykjen mei dy fan it baanriden. Sa fluch mooglik moat in bepaalde ôfstân oer it iis ôflein wurde. Ien fan dy ôfstannen is de 80 meter. By de wedstriden binne twa foarwedstriden en in finale. Yn 'e foarwedstriden wurdt starten mei twa minsken tagelyk. De fjouwer sliders mei de rapste tiden fan de foarwedstriden geane troch nei de finale. Yn de finale starte dy fjouwer tagelyk.

Nederlânske rekords 80 Meter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
kategory slyder tiid datum baan
Manlju Bert Kruyer 11,32 sek 12 maart 2000 Alkmar
Froulju Carla de Jonge 13,65 sek 11 maart 1995 Alkmar

In Prikslide is in slide foar op it iis. Eartiids waarden priksliden makke fan hout mei de moaiste skilderingen der op. Eltsenien ken de houtene slydsjes op tekeningen fan eartiids, dêr't bern faak mei oer it iis klauwe. Tsjintwurdich binne de sliden folle lichter en behindich, faak makke fan aluminium of izer, en glydzje op izers fan redens. De sliden binne oan te passen oan de persoan.

Om foarút te kommen brûkt de slider no stokken.

Soarten fan sliden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurde ferskate soarten fan sliden brûkt, ôfhinklik fan de persoan en de ôfstân.

In sitslide is in slide dy't sawol foar de sprint as de lange ôfstân brûkt wurdt. Op in sitslide sitte je mei de fuotten rjochtút.

De knibbelslide wurdt foaral brûkt foar de sprint. Op in knibbelslide sitte je op ‘e knibbels wêrtroch der mear krêft setten wurde kin. Dizze slide wurdt foaral troch net-beheinde sliders brûkt.

De Stjoerslide liket wol wat op 'e sitslide mar wurdt foaral brûkt foar de lange ôfstannen. Je sitte hjir krektlyk op as op in sitslide, mar mei in stjoerslide kinne je makliker troch de bochten komme.

Iishockey-slide

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is in prikslide dy't foar it iishockeyen brûkt wurdt. It grutste ferskil yn fergeliking mei oare sliden is dat de redens ûnder de slide tichter byinoar steane. Ek wurde der by dizze sliden oare stokken brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]