Poupée d'Ivoire

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Poupée dívoire is in striprige fan de Frânske striptekener en skriuwer Franz Drappier. Yn 1988 waard it earste diel fan de rige yn it Nederlânske taalgebiet útbrocht ûnder de namme Lotusbloem. Totaal binne der 9 dielen yn de rige ferskynd.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferhalen spile harren ôf ûnder de Tang-dynasty yn de tiid fan de Sineeske midsiuwen. Haadfiguer is Yu Lien, in faam fan 17 jier dy't ferkocht wurdt oan in 'hûs fan blommen en wylgen' (hûs foar prostituees). At sy de kâns krijt besiket sy te flechten. Dat docht sy yn selskip fan Timok, in barbaar fan in stam dy't ôfkomstich is út de omkriten dêr't no Afganistan en Pakistan lizze. De striprige Poupée dívoire is ynspirearre troch de ferhalen fan Rechter Tie út de boeken fan Robert van Gulik.

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle albums binne tekene en skreaun troch Franz Drappier en yn Nederlân útjûn troch Arboris.

Nûmer Nederlânske titel Jier
1 Nacht vol geweld 1988
2 De bronzen klauw 1989
3 De vergeten koningin 1990
4 De scytische graftombe 1993
5 De apenkoning 1995
6 De rechter 1998
7 De lynxenhoedster 2000
8 De roedel 2002
9 Timok Khan 2006