Postúm
Appearance
(Trochferwiisd fan Postume)
Postúm (Latyn: postumus) betsjut 'nei de dea', 'nei immens dea'. It wurd wurdt meast brûkt foar it wurk fan in skriuwer of muzikant dat nei dy syn ferstjerren publisearre wurdt of útbrocht wurdt en ek foar it earjen fan ien nei syn dea.
Postúm giet werom op het Latynske postumus, de oertreffende trep fan post ('nei'), dat ûnder mear 'soan berne nei de dea fan de heit' betsjutte.
Foarbylden fan gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ien wurdt postúm ûnderskieden.
- Immens boek of album wurdt postúm útjûn.
- In postume eksekúsje is in feroardieling en/of fonnis útfierd nei de dea.
- In postúm berne bern is in bern dat nei it út de tiid reitsjen fan de heit op de wrâld komt.