Springe nei ynhâld

Postfleanmasine

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Postfleantúch)
Boeing Model 40 postfleanmasine út de 1920-er jierren
In Amerikaanske Keystone B-6-postfleantúch yn in sniestoarm (1920)

In postfleanmasine is in fleanmasine dy't meast of alline mar brûkt wurdt foar it ferfier fan post.

Fleanmasines ornearre foar inkeld postferfier komme eigentlik alinne foar de Twadde Wrâldkriich foar. De earste en twadde generaasje fleanmasines hiene noch te min motorfermogen om fracht mei te nimmen, mar wiene te djoer yn 't gebrûk om "economy class"-passazjiers mei te nimmen, dat de wichtichste sivile rol foar doetiidske fleantugen wie it bringen fan brieven en pakjes fan A nei B, folle flugger as de besteande post mei hynder, auto en trein helje koe.

De fleanmasines wiene faak dúdlik te herkennen oan in offisjeel embleem op de romp.

Yn in ûnbidich grut lân as de Feriene Steaten waard de loftpost in súkses. Dêr wie de Douglas M-1 en de Boeing Model 40 bekende en betroubere tastellen. Koloaniale machten hienen in posttsjinst op harren koloanjes. Nederlân fleach op Nederlânsk-Ynje; Frankryk op Noard-Afrika, mar ek op Súd-Amearika; Ingelân hie loftlinen mei Yndia en it Fiere Easten.

Ein jierren 1940 waarden postfleanmasines hieltyd seldsumer doe't de tastellen grutter en krêftiger waarden en sa ekonomysker yn it wurk te hâlden wiene. Frachtferfier en grutskalich passazjiersferfier koe doe wol út en de post waard der gewoan op ta nomd. Anno 2010 is dat noch de praktyk. Dochs wurdt der noch wol post mei in hege prioriteit apart troch de loft ferfierd. Lytse tastellen as de Cessna 208 en Piper PA-31 Navajo ferfolle noch dy spesjale rol.