Aylvahûs
Appearance
(Trochferwiisd fan Poptahûs)
It Aylvahûs of Poptahûs wie in state beëasten it Martenahûs oan de súdside fan de Nijstêd yn Ljouwert. Op it stee stie yn 2009 de winkel fan de Witte Boekenmarkt.
De lytse stedsstate waard om 1500 hinne boud en waard yn 1550 bewenne troch Sybolt fan Aylva en syn frou Eesck fan Popma. Hja bepaalde by testamint dat de húskes dy't se yn it hôf “achter aen de wal” sette litten hie troch earme widdowen fergees bewenne mochten wurde. It hûs liet se nei oan Keympe fan Donia.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ± 1550 Sybolt fan Aylva en Eesck fan Popma
- oant 1589 Eesck fan Popma
- 1589 - ? Keympe fan Donia
- ± 1690 – 1712 Dr. Henricus Popta
- famylje Struiving
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |