Springe nei ynhâld

Poppe- en Berneweinmuseum

Ut Wikipedy
Poppen en berneweinen

It Poppe- en Berneweinmuseum is in museum mei poppe- en berneweinen oan de Gealânswei yn Aldegea (Smellingerlân).

Waard yn 1996 opsetten troch Fennie van der Ploeg. It begûn mei skilderjen. Yn de rin fan de tiid skildere se mei oaljeferve, akwarelferve, mar tekene ek. Se makke poppen fan selshurdzjende, fimo- en modelene klaai. Doe't se yn 1999 in ûne kocht, koe se folle mear porseleinen poppen út sels ûntwurpen mallen meitsje. Neist berne- en babypoppen makket hja ek fantasijpoppen yn alle soarten en maten. Ek de klean binne eigenmakke. Der kamen geandewei ek ferskate attributen by lykas babywaachskealen om de poppen better te toanen. No binne der wyls ek âlde poppeweintsjes en sa'n 100 berneweinen, út de jierren 1840 - 1960. Doe't de âlde berneweinen kamen moasten der fansels ek poppen út dy tiid yn. It paste net mear yn de keamer en sadwaande moast 180 m² fan de pleats brûkt wurde. It museum is simmerdeis op tongersdeitemiddeis en freedtemiddeis te besjen en oars op ôfspraak (0512-371253).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: