Springe nei ynhâld

Wetterskip Polder Wieringa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Polder Wieringa)
Polder Wieringa
bysûnderheden
oerflak 150 of 225 ha
drûchlein 1877
opgien yn Tusken Waed en Ie

Wetterskip Polder Wieringa is in earder wetterskip yn de provinsjes Fryslân en Grinslân.[1]

De polder is tagelyk mei de Nije Rûgesânsterpolder ûntstien nei de ôfsluting fan it Reitdjip yn 1877 en lei tusken de provinsjegrins, de dyk fan Sâltkamp nei de Nittershoeke en de Fryske Muntjesylsterpolder. It wetterskip waard net bemealle en streamde oer Grinslânske grûn ôf troch de bermsleat de dyk bylâns ôf, dy't útmûne by de Friesche sluis.

De polder wurdt no beheard troch wetterskip Fryslân.

Oan de râne fan de polder steane in oantal grinspeallen op de grins mei de provinsje Grinslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. K.A.M. Engberts en A.L. Hempenius, Verzamelinventaris van de archieven van de bemalingswaterschappen c.q. -polders zijnde molen- en pomppolders, die in het kerngebied van het waterschap Westerkwartier hebben bestaan, Grins, 2010, s. 41