Poere
Poere is ien fan de âldste foarmen fan fiskjen op iel.
By it poeren wurdt de iel net fongen mei in fiskheak, mar mei in poer. Dit is in strús wjirms, meastal sa'n 30 stiks, mei jern oan elkoar reaun ta in grutte ring. De poer wurdt dêrby mei in trie by elkoar bûn. Boppe-yn de poer wurdt oan de poerline in kegelfoarmich stik lead (tusken de 20 oant 125 gram) hong. Troch de poer mei de poerstôk flak boppe de boaiem op en del te bewegen waaiert dy as in kwaste út, wêrby't de rook fan de wjirms ferspraat wurdt. Dit geurspoar lûkt de iel oan. Faak bart it poeren nachts, de fisker hâldt dan in bûslampe boppe de poer. It ljocht lûkt de iel oan wêrtroch't de iel tige maklik te fangen is. Poeren wie earder foar earmelju in wize om troch de tiid te kommen. Letter mochten allinnich minsken mei in fergunning poere, mar Sportfiskerij Fryslân jout al jierren gjin spesjale Poerfergunning mear út. Poeren falt tsjintwurdich ûnder streuperij.