Springe nei ynhâld

Plysje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plysjeman)
Boerd mei logo fan in Nederlânsk plysjeburo

De plysje of polysje is yn in rjochtssteat de oerheidstsjinst dy't belêstge is mei de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en feilichheid, it ûndersykjen en bestraffen fan (potinsjeel) strafbere feiten, de opspoaring fan kriminelen, direkte helpferliening en it jaan fan advys oer in ferskaat fan ûnderwerpen, bgl. hoe't men jins hûs it bêste befeiligje kin tsjin ynbraak. Dêrby falt de plysje yn 'e regel ûnder it ministearje fan Binnenlânske Saken.

Yn (Jeropeesk) Nederlân wie de plysje fan 1945 oant 1993 opdield yn twa ferskillende organisaasjes, de gemeenteplysje en de ryksplysje. Fanôf 1993 is der noch mar ien, lanlike organisaasje, dy't oant 2013 opboud wie út 25 regiokorpsen en in Korps Lanlike Plysjetsjinsten (KLPD). Per 1 jannewaris 2013 waard de plysje reorganisearre, sadat der doe ien lanlik plysjekorps ûntstie, mei 10 regionale ienheden, in lanlike Ienheid en twa ûnderstypjende tsjinsten yn 'e foarm fan in plysjetsjinstesintrum en de stêf fan 'e korpslieding. Dêrnjonken hat Karibysk Nederlân it eigen Korps Plysje Karibysk Nederlân.

De plysje stiet by de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en by de útfiering fan 'e helpferlieningstaken ûnder it gesach fan 'e pleatslike boargemaster. As de plysje strafbere feiten ûndersiket en de dieders opspoart, stiet er ûnder it gesach fan 'e ofsier fan justysje (of, yn it gefal fan Karibysk Nederlân, ûnder it gesach fan 'e mienskiplike prokureur-generaal fan Kurasau, Sint-Marten en Karibysk Nederlân). De Keninklike Maresjesee, dy't ressortearret ûnder it ministearje fan Definsje, kin fanwegen syn publyklike plysjetaken ek as in plysjekorps beskôge wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.