Ploos van Amstel
Ploos van Amstel is in Nederlânsk geslacht, dat sûnt 1864 ta de Nederlânske adel heart en yn 1918 opnommen yn it Nederlânsk Patrysjaat. In bekende telch út it laach wie de 18e-iuwske Cornelis Ploos van Amstel (1726-1798), dy 't as ien fan de wichtichste keunstsamlers fan Nederlân te boek stiet. Hy wie houthanneler en makeler yn skippen en skipsoandielen en de skoansoan fan de skilder Cornelis Troost (1696-1750).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By beslút fan Kening Loadewyk XIII fan Frankryk fan april 1621 waard Adriaen Ploos, hear fan Tienhoven, mei syn neikommelingen ferheft yn de Frânske adel. Op fersyk fan dyselde Adriaen Ploos, hear fan Oudegein, Lievendaal, Tienhoven en 't Geyn, ferklearre prins Frederik Hindrik d.d. De Haach 20 maart 1636 dat de stam Ploos sprute út it hûs Van Amstel van Mijnden, mar dat lêste wie net te bewizen.
By Keninklik Beslút fan 8 july 1864 waard erkend dat Johannes Ploos fan Amstel ta de Nederlânske adel hearde. Sûnt dy tiid wiene der noch ferskate erkenningen, it lêst op 9 septimber 1988.
De stamrige dy't bewiisd wurde koe begjint met Willem Wouters. Ploos, berne yn 1447 en skout fan Loosdrecht.
De famylje woe hawwe dat sy ôfstammen fan it midsiuwske adelsgeslacht Hearen fan Amstel, mar dat koe net bewiisd wurde. Likegoed fiert de famylje Ploos van Amstel it wapen fan dy famylje al sûnt in pear iuwen.[2]
In pear telgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willem Ploos van Amstel (1529-1603), skout fan Loosdrecht
- Adriaen Ploos van Amstel (stoarn yn 1646), hear van Langesteyn, presidint fan De Bosk
- Adriaen Ploos van Amstel (1585-1639), hear fan Tienhoven, 't Geyn, Jutphaas, Oudegein ensfh., tesaurier fan de Dom, kommitearre Steaten-Generaal
- Cornelis Ploos van Amstel (1726-1798), makeler en keunstsamler
- Jacob Ploos van Amstel (1735-1784), dokter en drukker
- Adrianus Ploos van Amstel (1749-1816), foarsitter nasjonale fergadering Bataafske Republyk, lid Earste en Twadde Nasjonale Fergadering, lid Konstituearjende Gearkomste, lid Earste Keamer Fertsjintwurdigjend Lichem (1798-1801), lid Tweede Kamer Fertsjintwurdigjend Lichem (1798-1801)
- J.J.A. Ploos van Amstel (1835-1895), teolooch en predikant, û.o. yn Reitsum
- Jan Adriaan Gijsbert Ploos van Amstel (1843-1894), boargemaster fan Maasland en fan Wanneperveen
- jhr. Gerardus Ploos van Amstel (1920-1999), agint fan De Nederlandsche Bank yn Middelburch en publisist oer de famylje en pear leden dêrfan
- jhr. Jaap Ploos van Amstel (1926-2022), keunstner
- prof. jhr. dr. Walther Ploos van Amstel (1962), professor oan de Keninklike Militêre Akademy
Wapens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
1864
-
1865
-
1922
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten |