Springe nei ynhâld

Helm (plantesoarte)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plomreid)
helm
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift gerseftigen (Poales)
famylje gerzen (Poaceae )
skaai helmgerzen (Ammophila)
soarte
Ammophila arenaria
(L.) Link, 1827

Helm of plomreid (Ammophila arenaria) is soarte út it skaai fan de helmgerzen (Ammophila).

Helm hat djippe woartels en hat lange woartelstokken. Dêrmei foarmet him ûnder de plant in net fan woartels dat de plant in protte hâld jout. Hjirtroch kin de plant goed waakse dêr't de grûn te los is foar oare planten, lykas stosân. Om't de plant ek fierders oanpast is oan wyn en sân is er gaadlik om oan te planten yn de dúnen: it woarstelstelsel dat de planten hâld jout, hâldt ek it sân fan de ûndergrûn byelkoar. De plant rôllet syn blêden allinnich út at der focht genôch is, en ek dan rjochtet er syn blêden nei de wyn. Helm kin sa it fochtferlies lyts hâlde, en om't de plant net goed oer sâlt kin is it ek in foardiel dat it sa minder problemen fan sâlt stowetter hat.

Helm waakst oan de Noard-Atlantyske eastkust, fan Yslân oant Noardwest Afrika. De plant kin fan 50 oant 120 sm grut wurde. Helm hat yn juny en july plomieren fan 7 ta 22 sm. Mei dy plomieren hat de plant in protte wei fan nôt. Om't der lykwols gjin nôtkerrels ynkomme, krige helm ek de namme fan gelde ier.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ammophila arenaria fan Wikimedia Commons.