Springe nei ynhâld

Plompe Toer

Ut Wikipedy
Plompe Toer
Plompe Toer
Lampe yn de Plompe Toer

De Plompe Toer (Nederlânsk: Plompetoren of Plompe Toren), datearjend fan 1468, is in tsjerketoer oan de Easterskelde, in pear kilometer ten suden fan Burgh-Haamstede. De toer is it ienichste restant fan Koudekerke, in wyls yn de easterskelde ferdwûn doarp op Schouwen-Duivelân. De toer stiet krèkt binnendyks en yn it dykprofyl: yn de binnengloaiing fan de Easterskeldedyk is in útholling om de foet makke.

Yn 1468 kocht Loadewyk fan Gruuthu(u)se it ambacht "Coudekerk". Hy boude in nije tsjerke, omdat de âlde yn ferfal rekke. Om 1550 begûn de Eaststerskelde noardoan op te lûken en friet de see-earm it Súdlân fan Schouwen wei. Al yn 1583 sloopten wurklju de tsjerke, mar de toer liet men stean. Dy tsjinne as beaken foar de drokke skipfeart op de Easterskelde. Alle skippen dy't nei Antwerpen farden, sylden doe noch oer dizze rûte. De Easterskelde rukte lykwols fierder op en noch foar 1700 wie it folsleine doarp weispield.

Op inisjatyf fan jonkhear C. A. van Citters, boargemaster fan it doarp Noordgouwe, wie der yn 1935 in restauraasje. Yn de Twadde Wrâldoarloch rûn de toer nochal wat skea op. Yn 1962 folge in nije restauraasje. Yn 1974 liet de stêd Zierikzee de bûtenkant fan de toer werstelle. Letter kaam de toer yn behear fan de stifting Het Zeeuwse Landschap. Sûnt 1997 is de Feriening Natoermonuminten de behearder. De Plompe Toer is tsjintwurdich in toeristyske attraksje.

Op de lampe yn de toer stiet in gedicht te lêzen:
Westenschouwen, 't zal u rouwen
dat ge heeft geroofd mijn vrouwen,
Westenschouwen zal vergaan
alleen de toren zal blijven staan

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]