Planteferedeling
Planteferedeling rjochtet him op it ûntwikkeljen fan planten dy’t sa goed mooglik oan de easken fan de minsk foldogge. In feredeler selektearret planten mei de bêste erflike eigenskippen, en makket dêr nije rassen fan. As sadanich is it te ferlykjen mei it fokken fan húsdieren en fee.
Under planteferedeling falt oan de iene kant it kweken (feredeljen) fan nije rassen en oan de oare kant de bestudearring fan de grûnslaggen dêr’t it kweken op berêst en fan de middels wêrtroch it kweken befoardere wurdt.
Technyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In plant hat in kombinaasje fan goede en minne eigenskippen. Planteferedeling besiket safolle mooglik goede eigenskippen yn ién planteras byinoar te bringen. In hege en wisse opbringst foar de kwekers, sûn en lekker iten of oantreklike sierplanten foar de konsumint. De simpelste metoade hjirfoar is seleksje: in groep planten ûnderling ferlykje, en de bêste dêrfan brûke foar fermeardering. As de winske eigenskippen wol oanwêzich binne, mar yn twa ferskillende planten, kin de feredeler besykje dizze iéne plant te ferienigjen troch twa memmeplanten te krusen. Dêrnei selektearret de feredeler de neikommelingen, ûnder oare op kwaliteit, opbringst en gefoeligens foar sykten. As de seleksje goed prestearret yn ferliking mei de al besteande rassen, wurdt dy fermeardere en op de merk brocht. In feredelingsbedriuw kin de ûntwikkelingskosten fan in nij ras weromfertsjinje troch der kwekersrjocht op oan te freegjen. Net elkenien docht dit; der binne ek in soad amateurferedelers dy’t as hobby bygelyks sierplanten feredelje.
By klassike feredeling duorret de hiele syklus fan krusing oant yntroduksje fan in nij ras acht oant tsien jier. Inkeld wat koarter, mar de ûntwikkeling fan in nije fruit- of sierbeam kin wol 30 jier duorje. Dy tiid kin hjoeddedei lykwols ynkoarte wurde troch doelrjochter te selektearjen. Dêrfoar wurdt gebrûk makke fan Marker Assisted Breeding. Ek kin de fermeardering fan nije rassen flotter ferrinne troch it brûken fan yn-fytrokultuer. Inkeld wurdt mutaasjeferedeling brûkt: techniken dy’t derfoar soargje dat fariaasjes optrede yn it DNA. In lyts part fan dy fariaasjes kin in nuttige eigenskip oan de plant jaan.
Sûnt de ein fan de tweintichste iuw wurdt ek gebrûk makke fan gentechnology om earder resultaat te krijen. Dêrby litte se de natuer net troch tafal de kombinaasjes fan eigenskippen yn de neikommelingen útmeitsje, mar gripe se doelrjochte yn op it nivo fan it DNA. Dêrtroch kinne se bygelyks oan in besteand ras in gen foar sykteresistinsje tafoegje.
De planteferedeling past foar it meitsjen fan bettere rassen de kennis út ferskillende fakgebieten ta, ûnder oare erflikheidslear, plantesyktekunde, biotechnology en wiskundige statistyk.
Skiednis fan de feredeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oanpassen fan gewaaksen oan de winsken fan de minske bart al sûnt it jeien/sammeljen oanfolle wurdt mei en foar in grut part ferfongen troch lânbou en túnbou. De earste faze bestie út it oerhâlden fan sied fan oantreklike planten dêr’t op lange ttermyn de lânrasen (genetysk brede populaasjes) út ûntstiene. Dit is nammers ek fan tapassing op dierlike rassen. Earst neidat de wetmjittigens fan de genetyske fererving om 1880 hinne dúdlik waard kaam de feredeling yn in streamfersnelling. Nije techniken laten gau ta in spesjalisearre beropsmjittige oanpak fan de planteferedeling. It meitsjen fan suvere linen troch werhelle selsbefruchting waard in soad tapast en der waard gebrûk makke fan de hybride groeikrêft troch suvere linen meiïnoar te krusen. Opbringstferheging, opbringstwissens en in ferbettere produktkwaliteit koene dêrtroch realisearre wurde.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Plant breeding fan Wikimedia Commons. |