Piter Tanjé
Appearance
Piter Tanjé (Boalsert, 15 febrewaris 1706 — Amsterdam, 29 juny 1761) wie in 18e iuwsk Nederlânsk grafikus, etser, tekener en kopiist
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it RKD wie er boatsjonge op de beurttsjinst tusken Boalsert en Amsterdam dy't yn syn frije tiid grafyske ûntwerpen foar snúfdoazen makke. Hy hie sa'n protte súkses mei syn snúfdoazen dat Jacob Folkema him oantrune ta ynskriuwen by de Amsterdamske Stadsacademie; dat die er op syn 24e en waard dêr learling fan Bernard Picart, Jacob Houbraken, Cornelis Troost en Jacob de Wit. Hy grafearre goed 100 platen foar Johan fan Gool's boek mei keunstnersbiografyen, Nieuw Schouburg (1750), meast neffens portretsketsen fan Aart Schouman. [1]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Titelside fan De nieuwe schouburg
-
Portretten fan Tibout Regters, Jan ten Compe en Jan Palthe
-
Portretten fan Johannes fan Ravestein en Adriaen Hanneman
-
Portretten fan Elias fan Nijmegen, Gerard Sanders en Dionys fan Nijmegen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pieter Tanjé fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|