Springe nei ynhâld

Piksjitten

Ut Wikipedy

Piksjitten is in âld balspultsje dat faak yn de doarpen spile waard. Winterdeis waard it ek wol op it iis spile, it hie ek in sosjale funksje.

It wurdt spile mei twatallen dy't elk ien jeu-de-boulesbal hawwe. Dêrmei moat de bal fan de tsjinstander rekke wurde. Midden op it fjild stiet de "pik", wêr't op smiten wurde moat. De pik is in silinderfoarmich stik hout fan 30 sintimeter. Op de pik lizze fjouwer skiifkes dy't oan ien kant wyt binne en oan de oare kant read (liuw). Wa't mei de bal de skiifkes fan de pik falle litte kin krijt de skiifkes dy't mei de reade kant nei boppe lizze. De skiifkes dy't mei de wite kant boppe-oan lizze, wurde wer op de pik lein. De bal fan dejinge dy't it lêste skiifke paktt wurdt it ferplichte doel foar de oare dielnimmers. Elts mei dan ien kear besykje om dy bal te reitsjen. 'Mis' betsjut ôf, 'Raak' betsjut dat de bal fan dy dielnimmer it doelwyt wurdt.

Ynstee fan keunstof skiifkes waarden eartiids ek wol sinten brûkt. Dy wiene lykwols net sa goed werom te finen yn it sân, dêrom waarden de skiifkes brûkt. De winner krige op 't lêst fan alle dielnimmers in stoer as priis. Ynstee fan in jeu-de-boulesbal waard ek wol in rûnkapte stien brûkt.