Springe nei ynhâld

Pieter Verstappen

Ut Wikipedy
De Peel yn 'e brân
Hazzebrulloft
Einen en ko

Pieter Verstappen (Meijel, 1952) is in Limburchske natoerskilder en -keunstner út Meijel. Skilderet al sûnt 1985 allinnich natoerûnderwerpen. Yn syn wurk stiet leafde foar de natoer sintraal en dan benammen de stimmingen fan it gebiet De Peel dêr't er hikke en tein is. Yn syn mearsidich realistyske wurk ( ûnder oare akwarel, oalje, akryl en brûnzen skulpturen) krijt de rike floara en fauna fan de Peel omtinken. Allegeduerigen siket er yn syn wurk nei it wêzen fan de bisten. Hy wol net allinnich harren uterlike skaaimerken, mar ek it karakter en harren gedrach fêstlizze.

Neist syn realistyske wurk makket er de lêste jierren in stap nei it frije wurk.

Tentoanstellings (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2012 - Galery Kesk-Art , Warkum
  • 2011 - Birds in Art, Wausau-USA
  • 2010 - 'Puur Natuur 3' Galery de Bibliotheek, Zelhem
  • 2009 - Kunst op de Berg museum Holterberg yn Holten
  • 2008 - Van Veen & Vendelbosch
  • 2007 - Besikerssintrum Mijl op Zeven, Ospel
  • 2006 - dielname Birds in Art, Wausau-USA
  • 2005 - Open-Poorten-Dag, Buggenum
  • 2004 - "Focus on Nature" yn de eigen Wildlife Art Galery te Meijel.
  • 2003 - priiswinner CIC
  • Best of Wildlife Art - Northlight Books USA
  • Magazine Buiten Januari - Elsevier
  • Mystik des Moores - Wild und Hund
  • Magazine Nederlandse Jager

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: