Springe nei ynhâld

Petrus Marinus Cochius

Ut Wikipedy

Petrus Marinus Cochius (Rijswijk, 27 april 1874 - Trogen, 3 juny 1938) wie in Nederlânske fabrikant en keunstsamler.

Fan 1912 oant 1933 wie er direkteur fan it Glêsfabryk Leardaam. Cochius syn fertsjinste wie dat er in fabryk fan gewoan brûkersglês feroare yn in bekende glêsfabryk dêr't in soad ferneamde ûntwerpers oan meidienen. Under oaren wienen Karel de Bazel en Andries Copier wichtige meidoggers.

Cochius wie in sosjaal ûndernimmer, dy't in protte die foar it wolwêzen fan syn personiel. Hy soarge foar wenningbou, stichte in bibleteek, stipe muzyk- en sjongferieningen.

De kolleksje dy't troch Cochius opboud waard, foarme de grûn fan it Nasjonaal Glêsmuseum, ûntstien út it Glêsfabryk Leardaam.

Sigurd Cochius wie in soan fan Petrus.