Petrus- en Pauluskatedraal (Peterhôf)
Petrus- en Pauluskatedraal
Собор Петра и Павла | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
Federale stêd | Sint-Petersburch | |
plak | Peterhôf | |
adres | Sankt-Peterburgskiy pr. 34 | |
koördinaten | 59° 52' N 29° 54' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Nikolai Sûltanov | |
boujier | 1894-1904 | |
boustyl | Neorussyske styl | |
monumintale status | regionaal monumint | |
monumintnûmer | 7801172001 | |
Webside | ||
spp-petergof.ru | ||
Kaart | ||
De Peter- en Pauluskatedraal (Russysk: Собор Петра и Павла; Sobor Petra e Pavla) is in russysk-otterdokse katedraal yn 'e Russyske stêd Peterhôf, in foarstêd fan Sint-Petersburch. De tsjerke hat in hichte fan 70 meter en heart ta de heechste otterdokse tsjerken fan 'e wrâld. De tsjerke leit yn 'e buert fan it paleizekompleks fan Peterhôf en waard tusken 1894 en 1904 boud. Sûnt 1975 foarmet it gebou ûnderdiel fan Ruslân's kultuerele erfgoed.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1892 waard de opdracht jûn om in nije tsjerke yn Peterhôf te bouwen, ek al wiene der op dat momint al mear as tolve tsjerken yn Peterhôf. Foar it ûntwerp liet tsaar Aleksander III trije arsjitekten tekenje. Dêrfan waard it ûntwerp fan Nikolai Sûltanov yn 1893 útkeazen.
Mei it útgraven fan 'e grûn foar de fûneminten waard yn 1894 úteinset. Op 6 augustus 1895 fûn de earste stienlizzing plak ûnder de nije tsaar Nikolaas II. Yn fjouwer jier tiid wie de rûge bou foltôge. Nochris trije jier moast der wurke wurde oan it stúkwurk en de ynstallaasje fan 'e ferwaarming. Yn 'e lêste twa jier waarden de fresko's oanbrocht en de ikonostaze makke.
Op 25 juny 1905 waard de katedraal yn oanwêzigens fan de keizerlike famylje ynwijd. De twa sydkapellen waarden op 10 septimber fan itselde jier oan Aleksander Nevski en de hillige Ksenia wijd.
De katedraal yn 'e Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1935 troch de kommunistyske autoriteiten sletten. Der wiene ynearsten plannen de katedraal te slopen, mar sa fier kaam it net. Wol ferdwûnen de ikoanen, de rike dekoraasjes en oare saken. Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skeind oan 'e muorren en de tintfoarmige koepels. Nei de oarloch waard it bouwurk yn gebrûk nommen as pakhûs. Doe waard it ynterieur fierder sloopt en it like der op dat de katedraal de ûndergong yn 'e mjitte gyng.
It herstel fan 'e katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In fierder ferfal waard tefoarren kommen, doe't in bedriuw de opdracht krige it uterlik fan de katedraal te rekonstruearjen. De echte restauraasje kaam lykwols pas sûnt 1989 fan 'e grûn, doe't it gebou oerdroegen waard oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Sûnt is ek it ynterieur wer yn syn hiele hear en fear rekonstruearre.
De katedraal docht tsjintwurdich wer folslein tsjinst as tsjerke. Under de sintrale koepel hawwe besikers in moai útsicht oer de omkriten fan Peterhôf.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|