Springe nei ynhâld

Petroaljestel

Ut Wikipedy
In petroaljestel

Petroaljestel is in itensiederstastel dat as brânstof petroalje brûkt. It is in foarm fan 'e draachbere brâner, dy't yn 1892 útfûn waard troch de Sweed Frans Wilhelm Lindqvist. Mei de komst fan stedsgas, butagas en letter ierdgas is itensieden op sa'n tastel hast hielendal ferdwûn.

It tastel bestiet út in emaillearre reservoir foar de petroleum, dêr't ien of mear pitten yn hingje. In pit is in ûngefear 7 sm brede katoenen bân dy't de brânstof opsûget. It reservoir is ôfdutsen mei in gimmelearde plaat (de pithâlder), dy't útfierd is mei ien of mear skoarstienfoarmige, faak 7 sm lange gleuven, dêr't de pitten trochhinne geane en dy't mei de ek dêryn pleatste draai-ynrjochtingen yn hichte fersteld wurde kinne. Boppe op it reservoir is in emaljen opsetstik (de tsjelk) pleatst. Dêrboppe-op is in roaster of treeft pleatst dêr't de panne of tsjettel op set wurde kin. Yn de foarkant fan de tsjelk sit in rûn kykgat mei glês derfoar, wêrtroch't de hichte fan de flam kontrolearre wurde kin. De pit kin omheech draaid wurde wêrtroch't de flam heger baarne sil en der mear waarmte ôfjûn wurdt. As er lykwols te heech stiet, begjint de flam te walmjen: en wurdt roet produsearre. Foar it dôvjen fan'e flam wurdt de pit safier nei ûnderen draaid oant de flam útgiet.

In petroaljestel is by útstek geskikt foar it sudderjen fan ûnder oare stooffleis en stienparren.