Peter Tetteroo (muzikant)
Petrus Ganesh Ridwin Tetteroo (Delft, 8 july 1947 - dêre, 9 septimber 2002) wie in Nederlânsks komponist en popmuzikant.
Hy wie 1965 de oprjochter fan de band Tee Set, yn 'e mande mei Gerard Romeyn, Polle Eduard, Carry Janssen en Robbie Plazier. Tetteroo wie gitarist en sjonger yn dy band. Yn 1968 hie er in top 10 hit mei in soloplaat, syn ferzje fan Red Red Wine.
Om 1980 hinne waard de populariteit fan de Tee Set minder en trede de band in skoft net mear op. Fan 1983 ôf spile de band wer, ek mei Peter Tetteroo, hoewol't dat meast op nostalgyske "sixties"-jûnen wie. Nettsjinsteande in slimme leversykte hat Tetteroo oan it lêst ta optreden. Hy stoar mei 55 jier yn Delft. Peter Tetteroo syn urn is byset yn in lyts mausoleum op begraafplak Jaffa yn Delft.
Neist muzikant hold Tetteroo in rollerskate-disco yn it wurk en wie er gemeenteriedslid foar Leefbaar Delft.
Ta oantins fan Peter Tetteroo kaam der de Peter Tetteroo Bokaal, in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan in poptalint út Delft en omkriten dêr't in soad fan ferwachte wurdt.