Pete Best
Randolph Peter Best (Madras (India), 24 novimber 1941) wie de earste drummer fan The Beatles, oant flak foardat dizze groep trochbruts. Pete wie de soan fan Mona Best, de eigener fan de Liverpool's Casbah Club dêr't de Beatles gauris spilen. Pete Best waard yn 1959 foar it earst frege om mei The Beatles te spyljen doe't hy meidie oan de earste tour nei Hamburch fan de groep yn 1960-1961. Op 16 augustus 1962 waard hy koart nei harren earste audysjes foar EMI troch harren manager Brian Epstein út de groep setten (oars op fersyk fan George Martin en de oare bandleden, omdat Petes drumwurk net sterk genôch wêze soe), en kaam Ringo Starr yn syn plak. Sadwaande krige Best spul mei alle leden fan de band.
Neidat hy út The Beatles setten wie besocht Best meardere kearen om oare bands op te rjochtsjen. Dêrby hie hy net folle súkses. Yn 1965 mislearre syn poging ta selsmoard troch him op te sluten yn in keamer en de gaskraan iepen te setten. Yn oktober dat jier klage hy The Beatles oan wegens laster, omdat Ringo Starr sein hy dat hy om reden fan drugsgebrûk út de band setten wie.
Best fertsjinne inkle miljoenen doe't de Beatles Anthology útjûn waard: in rige betinkings-cd's dêr 't ek opnamen op stienen dêr't Pete Best op spile.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Pete Best Four: I’m Gonna Knock on Your Door / Why Did I Fall in Love with You (1964)
- Pete Best: (I’ll Try) Anyway / I Wanna Be There (1964)
- Pete Best: Kansas City / Boys (1965)
- Pete Best: I Can’t Do Without You Now / Keys to My Heart (1965)
- Pete Best: Don’t Play with Me (Little Girl) / If You Can’t Get Her (1965)
- Pete Best: If You Can’t Get Her / The Way I Feel About You (1965)
- Pete Best: I’ll Try Anyway / I Wanna Be There (1965)
- Pete Best: Casting My Spell / I’m Blue(1965)
- Pete Best: Boys / Kansas City (1966)
- Kinsley & Best: Heaven / Fool In Love (1990)
- The Pete Best Band: 4-Track Sampler (2000)
Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Pete Best Combo: Best Of The Beatles (1965)
- The Pete Best Combo: The Beatle That Time Forgot (1981)
- The Pete Best Band: Rebirth (1981)
- Pete Best: My Three Years as a Beatle (Spoken Word, 1981)
- The Pete Best Band: Live at the Adelphi Liverpool 1988 (1988)
- The Pete Best Band: Back to the Beat (1995)
- The Pete Best Band: Once a Beatle, Always a Beatle (1996)
- The Pete Best Band: Casbah Coffee Club 40th Anniversary Limited Edition (1999)
- The Pete Best Band: Haymans Green (2008)
Kompilaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Silver Beatles: Like Dreamers Do (1982)
- The Beatles: Anthology 1 (1995)
- The Beatles: Best of The Beatles (DVD, 2005)
- The Pete Best Combo: Beyond the Beatles 1964–1966 (1996)
- The Pete Best Combo: Best (1998)
- Tony Sheridan & The Beatles: Hamburg Days (2001)