Springe nei ynhâld

Pesto

Ut Wikipedy
Pesto.

Pesto is in Italjaanske saus, oarspronklik makke troch (Ligueryske) oliifoalje, basilikumbledsjes (út Pra, in wyk yn Genua), knyflok (út Fessaliko), seesâlt, pekorino en/of Parmesaanske tsiis, en pynbeampitten fyn te meallen. De yngrediïnten waarden yn in fizel gearwreaun. De namme 'pesto' betsjut dan ek 'prakt'.

Yn Itaalje kombinearret men pesto mei pastagerjochten. De saus is ek populêr bûten it lân, mar dêr wurdt it ek tapast op toast, oer carpaccio en hin of as smaakmakker yn salades, op pizza of op broadsjes.