Springe nei ynhâld

Penfeld

Ut Wikipedy
De mûning fan de Penfeld mei it kastiel fan Brest

De Penfeld (Bretonsk: Penfell) is in Frânske rivier fan 16 km langte yn it departemint Finistère.[1] Op de lofter (east) igge leit de stêd Brest.

De boarne fan de rivier leit yn de gemeente Gouesnou op in hichte fan sa'n 86 meter. Hy rint dêrnei troch Bohars en Guilers en mûnet út yn de Bocht fan Brest. De ûnderrin fan de rivier is djip mei in ferski tusken leech- en heechwetter fan 8 meter. Djipstekkende skippen kinne de rivier in hiel ein streamop farre.

Yn Brest lizze de Pont de l’Harteloire en, in stik streamôf de Pont de Recouvrance oer de rivier.

It lêste stik fan de rivier yn Brest, mei syn hege kaden, is ynrjochte as haven en marinehaven en oan syn útmûning leit it 15e iuwske Château de Brest, op in plak dat al yn de Aldheid fan grut strategysk belang beskôge waard.

De Penfeld, stream op fan de Pont de l'Harteloire

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Penfeld on the SANDRE site