Springe nei ynhâld

Panpoeticon Batavum

Ut Wikipedy
Twa platen fan it Pan Poëticon Batavum, te sjen yn it Ryksmuseum Amsterdam

It Pan Poëticon Batavum wie in samling lytse portretten fan dichters op platen dy't troch de 18e-iuwske Nederlânske skilder Arnoud fan Halen yn in rariteitekabinet bewarre waarden.

Titleside fan it boek útjûn troch Kunst wordt door arbeid verkreegen yn 1773

Van Halen begûn om 1700 hinne mei it gearstallen fan syn kolleksje troch sels miniatuerportretten te skilderjen dy't er fan gravueres kopiearre. Foar eigentiidske dichters rôp er de help yn fan freonen en kollega's. Foar syn dea slagge it him en sammelje 346 portretten, wêrfan't der no 80 yn de kolleksje fan it Ryksmuseum yn Amsterdam binne. Syn kabinet wie tige populêr en ferskate boeken neamden it of hiene it as ûnderwerp, wêrûnder Arnold Houbraken yn syn Schouburgh doe't er hawwe woe dat it portretten fan goed 100 minsken befette (Houbraken skreau dat yn 1712).

It meast opmerklike boek waard útjûn troch de man dy't syn kolleksje oankocht nei de dea fan Van Halen yn 1732, Michiel de Roode. De Roode joech it boek yn 1773 út as lid fan it Leidske genoatskip 'Kunst wordt door arbeid verkreegen', dat de útjefte bekostige. Dat it boek populêr wie, docht bliken út it feit dat Teyler's Stichting yn 1808 Wybrand Hendriks it fersyk joech it op in feiling foar maksimaal 500 gûne te keapjen, en Hendriks kocht it foar 200 gûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: