Springe nei ynhâld

Pano Panagia

Ut Wikipedy
Pano Panagia
Πάνω Παναγία
Bestjoer
Lân Syprus
DistriktPafos
Sifers
Ynwennertal392 (2021)
Oerflak53,0455 km²
Hichte900 m
Oar
TiidsôneUTC +2
SimmertiidUTC +3
Koördinaten34° 55' N 32° 38' E
Kaart
Pano Panagia (Syprus)
Pano Panagia

Pano Panagia (Gryksk: Πάνω Παναγιά) of Panagia (Gryksk: Παναγιά), is in berchdoarp yn it Syprioatyske distrikt Pafos. It doarp leit op in hichte fan 900 m yn 'e bergen oan 'e râne fan it Pafos-bosk, likernôch 35 minuten fan it fleanfjild fan Pafos.

Pano Panagia is it berteplak fan 'e aartsbiskop Makarios III fan Syprus. Yn it bertehûs fan 'e earste presidint fan Syprus is in lyts museum, dy't yn it doarp grutbrocht waard. Ek stiet yn it doarp in stânbyld foar de aartsbiskop.

Panagia Eleousatsjerke.

It doarp hat de namme te tankjen oan it grutte tal tsjerken en kleasters yn en om it doarp, dy't oan 'e Jongfaam Marije (Gryksk: Panagia) wijd binne. De tsjerke fan Panagia Eleousa fan Kykkos stiet yn it noardeasten fan it doarp en is 14e-iuwsk. It 40 m lange by 16 m brede gebou stiet ûnder beskerming fan it Argeologyske Museum fan Syprus. Tichteby it doarp stiet it histoaryske Chrysoroyiatissa kleaster út de 12e iuw en it Byzantynske kleaster Panagia tou Kykkou.

It doarp is ek bekend fanwegen it wyld yn 'e omkriten, lykas de Sypriroatyske moeflon, in ûndersoarte fan 'e by ús bekende moeflon. Ek stiet it doarp bekend om it wynbougebiet Vouni Panagias, dy't troch wynkenners as de bêste wyn fan it eilân beskôge wurdt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: