Springe nei ynhâld

Pannoanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pannoonje)
Pannoonje yn it Romeinske Ryk

Pannoanje (Latyn: Pannonia) wie in Romeinske provinsje. It gebiet waard oan de westkant troch de Alpen en oan de noard- en eastkant troch de Donau begrinze. It komt om-ende-by oerien mei it tsjintwurdige West-Hongarije, Eastenryk en de streek tusken de Drava en de Sava, (Slavoonje yn it tsjintwurdige Kroaasje plus oangrinzende gebieten yn Sloveenje en Servje).

De Romeinske oermastering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinen hawwe it gebiet ferneamd nei de oarspronklike bewenners, de Pannoanjers (Pannonii), in Illyrysk folk, dat in protte beynfloede wie troch Keltyske stammen der omhinne.

De lettere keizer Augustus, dy't doe noch Oktavianus hiet, luts út de provinsje Illirikum wei yn 35 f.Kr. op tsjin de Pannoanjers. Hy hie súkses en besette Sisak (Siscia). It gebiet wie noch net hielendal oermastere en it soe oant 9. f.Kr. duorje foardat de Romeinen de Pannoanjers ferslein hienen. It nij oermastere gebiet waard tafoege oan Illyrikum mei de Donau as grins.

Yn 6 n.Kr. kamen de Pannoanjers yn opstân ûnder twa lieders dy't beide Bato hieten. De opstân wurdt de grutte Pannoanyske Opstân neamd en duorre trije jier. Der waard swier fjochte en de opstannelingen koenen pas ferslein wurde nei in hurde kampanje troch it leger, oanfierd troch Tiberius en Germanikus.

Nei de oerwinning waard Illyricum yn 9 n.Kr. opdield yn twa parten: de provinciae Pannonia en Dalmatia, dy’t beide troch in lânfâd fan konsulêre stân beheard waard. De fermoedlike reden wie de oanwêzigens fan in grut leger fan sân legioenen. Keizer Augustus woe net dat ien gûverneur hjir kontrôle oer hie.

Ein fan de Romeinske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de 4e iuw ôf krige de regio te meitsjen mei ynfallen fan Germaanske folken. Yn 340 waard oan de Fandalen tastimming jûn om harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. As bûsmaten (foederaty) fan de Romeinen krige sy lân yn Pannoanje tawiisd en ferbleaunen dêr oant sy om 400 hinne yn opstân kamen. Troch de Romeinske Generaal Stilicho waard kampagnje tsjin de Fandalen fierd en hy ferdreau harren út it Ryk.

By de ynfallen troch Hunnen yn it begjin fan de 5de iuw waard it gebiet troch keizer Theodosius II ôfstien (433). Nei de dea fan harren leider, Attila yn 453, nommen de Ostrogoaten (ûnder lieding fan Diderik de Grutte) it gebiet oer, tagelyk mei de Gepiden en de Longobarden.

Lykwols einige hjirmei net de rige ynfallen. De Avaren, in fan oarsprong mingd, benammen Turks-Mongoalsk nomadenfolk, besette fan 568 ôf Pannoanje en de Grutte Hongaarske Leechflakte eastlik fan de Donau, en stiften der it Avaarske Ryk. Fan 895 ôf waard it gebiet oernomd troch de Hongaren.