Pancoasttumor
Appearance
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
In Pancoasttumor, ek wol pulmonêre sulkus tumor, is in tumor yn de longtop. It is alline in oantsjutting fan it plak fan de tumor. Hoewol't it meast giet om in Net-Lytssellige Longkanker wurdt der net in tumor fan in beskaat seltype mei bedoeld.
Fanwege it plak fan de tumor kin der trochgroei nei de ribben en rêchbonke foarkomme en druk op de vena brachiosefalis, arteria subklavia, nervus frenikus, nervus rekurrens, nervus vagus ûntstean, of, hiel karakteristyk, druk op in sympatysk ganglion mei in tal symptomen fan gefolgen dy't it Syndroom fan Horner neamd wurdt.
Pancoasttumors waarden ferneamd nei Henry Pancoast, in Amerikaansk radiolooch, dy't se yn 1924 en 1932 beskreau.
-
Pancoasttumor op in röntgenfoto
-
Pancoasttumor op in CT-scan