Palmgier
palmgier | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Gypohierax angolensis | ||||||||||||
Gmelin, 1788 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De palmgier (Gypohierax angolensis) is in soarte út de ûnderfamylje fan de gieren fan de Alde Wrâld (Aegypiinae en Gypaetinae). Yn it Ingelsk wurdt der ek wol 'vulturine fish eagle' neamd, dus as in giereftige earn. Oanlieding hjirfoar binne syn itensgewoanten, dy't net oerienkomme mei dy fan de oare gieren.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is sa'n 56 oant 65 sm. grut en waacht in 1,3 oant 1,8 kg. De wjukspanwiidte leit tusken de 130 en 150 sm. Palmgieren binne ien fan de pear gieresoarten mei fearren op de hals, wylst sy hast net fan grutte kadavers ite en dêrtroch ek gjin bloed yn de fearren krije.
De keale hûd om de eagen is meast wat readeftich. De snaffel en de eagen binne giel, ek de poaten binne giel as ek wol fleiskleurich. De fûgel hat swarte en wite fearren.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan de Palmgier bestiet foar it grutste part út de nuten fan de oaljepalm, mar ek wol dadels en oare fruchten. It is de iennigste rôffûgel dy't dit docht. Hy hinget by it iten fan de fruchten fan de palmbeammen faak ûnderstboppe yn de oan de takken.
Fierder ite de fûgels ek wol libbene fisken dy't se yn it wetter fange mar ek wol oare ynsekten en lytse dieren, sa no en dan ite se ek wol aas.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Palmgier komt foar yn Afrika, súd fan de Sahara. De fûgel ferbliuwt it leafst oan de wetterkant en der moatte ek oaljepalmen foarkomme.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst is meast ien yn in hege beam op 10 oant 30 meter hichte, somtiden ek wol yn in hoale. It nêst wurdt makke fan tûken fan oaljepalmen en wurdt faak alle jierren wêr brûkt. Oan de binnenkant wurdt it nêst beklaaid mei gers en dong. It wyfke leit ien wyt aai mei in protte donkerbrune oant lila plakken. It aai wurdt yn fiif wike útbret. De jongen fleane nei sa'n trije moanne út mar bliuwe meast wol yn itselde gebiet.
- Fûgelsoarte
- Haukfûgel
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda