Paleis Holyroodhouse
Paleis Holyroodhouse Palace of Holyroodhouse | ||
bouwurk | ||
Paleis fan Holyroodhouse | ||
lokaasje | ||
lân | Grut-Brittanje | |
Skotlân | ||
Riedsgebiet | Stêd fan Edinburgh | |
plak | Edinburgh | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | paleis | |
boujier | 1678 | |
boustyl | Klassyk |
Paleis Holyroodhouse, faak ek Paleis fan Holyrood neamd, is it offisjele ferbliuwplak fan de monarch fan it Feriene Keninkryk yn Skotlân. Kening David I fan Skotlân stichte der in kleaster yn 1128, mar sûnt de 15e iuw moast it as it haadferbliuwplak fan de keningen en keninginnen fan Skotlân. It paleis leit oan 'e foet fan 'e Royal Mile yn Edinburgh, mei oan 'e oare útein it kastiel fan Edinburgh. Keninginne Elizabeth II ferbleau der in wike oan it begjin fan eltse simmer, om der túnfeestjes en offisjele plechtichheden te hâlden. Dêrfandinne gie se nei Kastiel Balmoral foar har simmerfakânsje.
Abdij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist it paleis stiet de ruïne fan 'e Augustijnerabdij. Dy waard yn 1126 boud, op befel fan kening David I fan Skotlân. De abdij waard it plak fan in soad keninklike kroningen en houliksplechtichheden. Yn de 18e iuw stoarte it dak fan de abdij yn en hjoed-de-dei bliuwt allinnich de ruïne oer. De abdij waard omfoarme ta in kapel foar de Oarder fan de Distel troch kening Jakobus II fan Ingelân, mar waard ferneatige troch in binde. Yn 1691 ferfong de nije Kirk of the Canongate de abdij as de pleatslike parochytsjerke, dêr 't de keninginne tsjinsten bywenne as se yn it paleis ferbleau.