Springe nei ynhâld

Pûsjkin (stêd)

Ut Wikipedy
Pûsjkin (stêd)
Katarinapaleis
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Federale stêd Sint-Petersburch
Sifers
Ynwennertal 111.205 (2019)
Stêdekloft
Oar
Stifting 1710
Tiidsône (UTC+3)
Webside mo-gorodpushkin.ru

Pûsjkin (Russysk: Пушкин; oant 1918 Tsarskoje Selo (Царское Село, "Tsaredoarp"), nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 oant 1937 Detskoje Selo (Детское Село, "Bernedoarp") neamd, is in stêd 25 kilometer súdlik fan Sint-Petersburch, Ruslân. Sûnt 1998 falt de stêd bestjoerlik ûnder Sint-Petersburch.

Yn 1937 waard Tsarskoje Selo omneamd ta Pûsjkin, nei de grutte Russyske dichter Aleksandr Poesjkin, waans hûndertste stjerdei yn dat jier betocht waard.

Tsarskoje Selo wie de eardere simmerresidinsje fan de russyske tsaren en is tsjintwurdich in unyk plak fan paleizen, parken en paviljoens. It besjen wurdich binne û.o. it Pûsjkinmuseum, de eardere simmerresidinsje fan de tsaren, it Katarinapaleis (in barokke skepping fan Bartolomeo Rastrelli), de eardere haadresidinsje fan de tsaren yn it Aleksanderpaleis en meardere lânhûzen en is sintrum fan de stêd. Nei oan it Katharinapaleis wie 33 jier it ferneamde Tsarskoje Selo-lyseum festige.

Tsarskoje Selo waard yn 1990 troch UNESCO op de list fan it wrâlderfgoed set.