Springe nei ynhâld

Oud-Leusden

Ut Wikipedy
Tsjerketoer
Doar mei tinkstien
Lokaasje yn de gemeente Leusden

Oud-Leusden is in buorskip yn de gemeente Leusden, yn de provinsje Utert.

It wurdt trochsnien troch de A28 en is op âlde kaarten in plak dêr't Leusden oanjûn is. Dêr stiet noch in tige âlde tsjerketoer (te sjen fan da A28 ôf by de ôfslach nei de N227). Mooglik is dit sels de âldste tsjerketoer fan Nederlân, al is soks net wis. De byhearrende tsjerke is om 1827 sloopt. Fierders binne der in restaurant mei boarterstún en inkele begraafplakken. Begraafplak Rusthof is oanlein yn 1931 en is, al leit it op Leusdens grûngebiet, it grutste begraafplak foar Amersfoort.

Yn de jierren 1983 - 1985 binne by archeologysk ûndersyk ûnder de hjoeddeiske A28 bewenningsspoaren fûn út de Brûnstiid (2000 – 750 f.Kr.) oant de Lette Midsiuwen (1000 – 1500 nei Kr.): resten fan in grêfheuvel út de Brûnstiid, pealspoaren fan minstens trije pleatsen út de Izertiid (750 – 50 foar Kr.), de resten fan in mooglike Romeinske wachttoer mei in grêft en spoaren fan pleatsen en skuorren (50 foar Kr.- 450 nei Kr.). Ut de iere midsiuwen (550 – 750 nei Kr.) binne in grêffjild, resten fan hutkommen en in hûsplattegrûn fûn. Dêrnei rekke it grêffjild bûten gebrûk.

Ut de 12e iuw komme de plattegrûnen fan twa grutte pleatsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Leusden
Doarpen:
AchterveldLeusdenLeusden-SúdStoutenburg
Buorskippen:
AsschatMoorstMusschendorpOud-LeusdenSnorrehoef
· · Berjocht bewurkje