Otto Clant
Otto Clant fan Scharmer (Grins, 1532 - Boksum, 1586) wie in lânjonker út Grins, in faandrich en ridder.
Otto wie troud mei Anna Rengers dochter fan Melchior Rengers en Griete fan Besten. Otto sels wie in soan fan Egbert Clant en Teetke van Nittersum, Otto en Anna hienen sels (lykas bekend is) seis soannen, hy komt yn 1543 yn It Hûs te Skarmer. Yn 1586 by de tachtichjierrige oarloch doe't de Spanjerts Fryslân oanfoelen, joech Otto him net oer, hy hie him yn de tsjerke fan Boksum ferskânze. De Spanjerts beaen him genede oan, mar hy focht troch oant er gjin útsjoch mear seach, besochten se him fan syn findel te skieden, dus wuolle hy him der yn, en waard sa trochstutsen.
Yn novimber 1984 waard yn Boksum in skoalle nei him neamd as oantinken oan syn heldedieden. It symboalyske swurd fan Otto Clant hinget by de haadyngong oan de muorre en is teffens it logo fan de skoalle.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Otto Clant hie in eigen famyljewapen. Yn goud in griene skeanbalke, beladen mei trije fertikaal setten, sulveren fisken mei de kop nei boppen ta. De helm is healoansjend, de wringe goud en grien. It helmteken bestiet út in gouden griffioen, de wjukken binne beladen mei in skeanbalke mei fisken fan it skyld (boarne 2: in dwersbalke ynstee in skeanbalke). De griene dekkleden hawwe in fuorring fan goud.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Otto Clantskoalle yn Boksum wie nei Otto Clant ferneamd.
- Adrien Bogaers skreau in gedicht oer Otto Clant, mei de ferzen:
- [...] Slechts één nog houdt er, vechtend, stand,
Hoe luid de moordkreet tier';
Hij zwaait zijn kling met de eene hand,
Met de andre ’s Lands banier. [...]
Nog is zijn voorhoofd onverzengd,
Van ’s levens zomerbrand:
Wie is hij die noch zwicht noch zwenkt?
't is Jonker Otto Clant.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|