Osasco

Ut Wikipedy

Osasco is de grutste stêd - yn de dielsteat São Paulo, Brazylje. It hat 718.646 (2009) ynwenners op in gebiet fan 64,935 km² dat in befolkingstichtheid fan 10.970 km² betsjut.

Osasco waard stifte troch de Italjaan Antonio Agù (no de namme fan ien fan de haadstrjitten fan Osasco). Hy kaam út Osasco yn de provinsje Turyn. It is ien fan de tichtstbefolke stêden fan de wrâld, fergelykber mei Tokio en New York City. It wurdt beskôge as it wichtichste stêdlike sintrum fan it westen fan Grut São Paulo. Oant 1962 wie it in distrikt fan de stêd São Paulo, wêrnei't it in gemeente waard. Yn 1989 waard it de setel fan in roomsk-katolyk bisdom.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]