Opstanningskleaster (Uglitsj)

Ut Wikipedy
Opstanningskleaster

Воскресенский монастырь

bouwurk
Fan lofts nei rjochts: Opstanningskatedraal, Tsjerke fan Marije fan Egypte mei klokkestoel, Tsjerke fan Smolensk
Fan lofts nei rjochts: Opstanningskatedraal, Tsjerke fan Marije fan Egypte mei klokkestoel, Tsjerke fan Smolensk
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Yaroslavl Oblast.svg Jaroslavl
plak Flag of Uglich (Yaroslavl oblast).png Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 18' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1674-1677
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7610238000 [1]
offisjele webside
Side fan it kleaster

It Kleaster fan de Opstanning (Russysk: Воскресенский монастырь) is in russysk-otterdoks kleaster yn de Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl).

De hjoeddeiske gebouwen fan it oan de Wolga lizzende kleaster binne allegear yn deselde tiid boud. Yn 1999 waarden de gebouwen werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en sûnt is it monastike libben wer oppakt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is net bekend wannear't it kleaster stifte waard. Guon boarnen skriuwe dat it kleaster yn de 13e iuw stifte waard, mar de stifting soe ek yn de 15e iuw wêst ha kind.

Yn 1609 yn de Tiid fan Unstjoer waard it kleaster troch de Poalen ferneatige. De muontsen en de 500 boargers dy't it kleaster ferdigenen waarden fermoarde. Oant 1670 wiene alle gebouwen fan it kleaster noch fan hout. Dat feroare tusken 1674 en 1677, doe't yn opdracht fan de metropolyt Jonas Sisojevitsj, dy't hjir syn geloften ôflei, it stiennen tsjerkekompleks boud waard. Hy hat it inisjatyf nommen ta de bou fan mear grutte wurken, benammen yn Rostov. De gebouwen waarden op in nije lokaasje delsetten, om't it âlde plak ynstabyl rekke troch Wolga.[2] Foar it dekorearjen fan de gebouwen waarden foar it earst yn Uglitsj griene tegels tapast, dy't oarlochsslagen, bisten en emblemen útbyldzje. Yn 1764 waard it monastike libben ôfskaft en de gebouwen krigen doe de funksje fan parochytsjerke.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trije tsjerken yn 2003

De tsjerken steane op in rige njonken inoar en binne troch in galerij meiïnoar ferbûn. De meast noardlike tsjerke is de 'Katedraal fan de Ferrizenis' mei twa kapellen en in westlik portaal.[3] Dêrnei komt de klokketoer mei de 'Tsjerke fan Marije fan Egypte'. De tsjerke is op de twadde ferdjipping en hat in ûngewoane rjochthoekige foarm sûnder apsis. Boppe de tsjerke is de klokkestoel mei wide iepen arkades. Yn 1764 waard de tsjerke mei it opheffen fan it kleaster sletten, mar mei de weromjefte yn 1999 wer yn gebrûk nommen en renovearre. [4] It meast súdlik lizze it refektoarium en de 'Tsjerke fan Us Leaffrou fan Smolensk'. De tagong folgt troch de galerij dy't begjint by de katedraal. It ferwulft fan it refektoarium wurdt droegen troch in foarse sintrale pylder. Fragminten fan fresko's jouwe in yndruk fan de eartiids rike beskildering fan de muorren. Neffens âlde beskriuwings stie der boppe de refter eartiids in toer mei in oerwurk. De toer is mei de tiid ôfbrutsen en ferfongen troch in minder elegant flak dak. De dekoraasjes oan de bûtenkant fan de refter en de tsjerke binne ienfâldiger as dy fan de katedraal.[5]

Nei de Oktoberrevolúsje folge de sluting fan de tsjerken yn de jierren 1920. Yn de maaitiid fan 1999 is it gebouwekompleks werom jûn oan Russysk-Otterdokse Tsjerke en waard de monastike tradysje wer oppakt. Der folge in restauraasje fan de besteande gebouwen en de muorre om it kleaster waard yn 2010 rekonstruearre.[6]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенский монастырь (Углич)