Opstanningskatedraal (Starotsjerkasskaja)

Ut Wikipedy
Opstanningskatedraal

Воскресенский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
lânsdiel Rostov
plak Starotsjerkasskaja
koördinaten 47° 14' N 40° 02' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1706-1719
boustyl Oekraynske barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 611520289770006
offisjele webside
donmonastyr.ru

De Opstanningskatedraal (Russysk: Воскресенский собор) is in otterdokske katedraal yn Starotsjerkasskaja (Rostov oblast), Ruslân. It is de earste stiennen katedraal oan de Don en it wie oant 1805 de haadtsjerke fan de Don-Kozakken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard yn 1650 stifte. Dat wie doe in houten bouwurk en om't de tsjerke dêrnei oant twa kear ôfbaarnde waard yn de jierren 1706-1719 in nije stiennen tsjerke boud yn de styl fan de Oekraynske barok. Dit wie opmerklik om't Peter de Grutte yn dy tiid per dekreet de bou fan stiennen gebouwen oeral ferbean hie, útsein yn de nije haadstêd Sint-Petersburch. Om politike redenen droech tsaar Peter lykwols sels mei jild by oan de bou fan de katedraal en it sizzen is dat de tsaar ek noch persoanlik oan de bou mei wurke hat troch in pear bakstiennen te pleisterjen. Foar de bou fan de katedraal op sompige grûn hie de tsaar faklju út Moskou stjoerd.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikonostaze Opstanningskatedraal

De tsjerke waard boud troch in ûnbekende arsjitekt. Yn de katedraal stiet in opmerklike ikonostaze fan 19 by 23 meter mei 149 ikoanen út it midden fan de 18e iuw. Fan de grutte kroanluchter mei in gewicht fan mear as 550 kg wurdt sein dat it yn 1643 troch de Kozakken út de Jehannes de Dopertsjerke fan Azov meinommen waard, nei't hja de fêsting oan de Ottomanen moasten ôfstean.

Op de flier foar it alter leit in izeren plaat ta neitins oan de besite fan tsaar Aleksander I, grutfoarst Michael Pavlovitsj en Nikolaas Aleksandrovitsj oan de katedraal.

By de tsjerke stiet in frijsteande klokketoer. Foarhinne waard op de earste en twadde ferdjipping fan de klokketoer yn de jierren 1744-1857 it militêre argyf fan de Kozakken bewarre. It ûnderste diel fan de tusken 1725 en 1730 boude klokketoer hat ea tsjinst dien as finzenis.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. donmonastyr.ru