Open-Tran.eu
Open-Tran.eu wie in tsjinst dy't troch Jacek Śliwerski út Poalen betocht wie. Hy hie in sintrale databank opset mei oersettings fan kompjûterprogramma's yn de lytsere talen. De kompjûterbegripen, dy't benammen út de iepen-boarne-programmatuer kamen, wiene ien op ien keppele mei de Ingelsktalige begripen. De tsjinst moast derfoar soargje dat de kwaliteit fan de oersettings en de konstantens fan de begripen yn 'e iepen-boarne-programmatuer ferbettere.
Yn 2007 wie der oan Open-Tran.eu in Frysktalige ferzje taheakke. It wie in databank dêr't oersettings, ek Frysktalige, foar programmatuer yn socht wurde koene. It wie benammen bedoeld foar programma-oersetters, mar ek tige handich foar it sykjen fan kompjûterbegripen. De sykmasine wurke nei twa kanten ta: Ingelsk --> Frysk, en Frysk --> Ingelsk. Begripen as modem, dos, led, cms, gesture ensfh. lieten har rap fine. By oare begripen duorre it sykjen efkes, om't dy in soad yn de databank foarkamen. In sifer foar de oersetting joech oan oft de oersetting fûn wie yn in gearstalling, heger sifer, of yn in ien-op-ien oersetting, sifer ien.
It wie ek mooglik in folsleine triem oan te bieden om oerset te wurden.
De Frysktalige sykmasine fan 'e tsjinst wie ienfâldich as blêdwizer oan jo e-blêder ta te heakjen: http://fy.open-tran.eu/.
Open-Tran.eu is stoppe yn jannewaris 2014.