Springe nei ynhâld

Oosthoeks Ensyklopedy

Ut Wikipedy
Titelblêd fan de earste edysje fan de Oosthoek-ensyklopedy (1923)

Oosthoeks Ensyklopedy is in Nederlânsk neislachwurk dy't yn mear as ien útfieringen ferskynd is:

  • de lytse Oosthoek (2 edysjes: 1e 1964/65 yn 2 dln. en 2e 1976, ek yn 2 dln.).
  • de grutte Oosthoek (7 edysjes, sjoch hjirûnder).

Der binne ek útfieringen mei lûdsfragminten.

De Oosthoek-ensyklopedy is in útjefte fan Oosthoek's Uitgevers Mij. N.V. te Utert, in bedriuw dat yn 1907 oprjochte waard troch A. Oosthoek (1876-1949) en yn 1970 fusearre mei de firma Kluwer. De ensyklopedy is in fuortsetting fan de troch Oosthoek oankochte "Vivat's Geïllustreerde Encyclopedie" (11 dln., Amsterdam, 1899-1908) en ferskynde fan 1916 ôf as "Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie". Sawol "Vivat" as de edysjes fan foar 1940 fan Oosthoek binne wat ynhâld en yllustraasjes oanbelanget basearre op it Dútske "Meyers (Konversations-)Lexikon". De 7de en lêstferskynde druk (1976-81) wie yn oerienstimming mei de tiidsgeast "De Grote Oosthoek" titele.

By Oosthoek ferskynde ûnder oaren ek de paperbackrige "Oosthoeks Lexicons". Elts diel dêrfan wie oan ien ûnderwerp wijd.

De Lytse Oosthoek
EdysjeTitelDielenJier
1De Kleine Oosthoek2196465
2De Kleine Oosthoek21976
De Grutte Oosthoek
TitelEdysjeHaadredaksjeDielenUtjouwer
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie1e drukRedakteur-Sekretaris: A.A. Pulle11 dln. 1916-1923. Supplemint (dl. 12) 1925Utert: Oosthoek
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie2e drukRedakteur-sekretarissen E.C.G. Brünner en H. F. Nierstrasz12 dln. 1925-32. Supplemint (dl. 13) 1934Utert: Oosthoek
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie3de bywurke en oanfolde drukRedakteur-sekretarissen: H.F. Nierstrasz en E.C.G. Brünner12 dln. 1932-39Utert: Oosthoek
Oosthoek's Encyclopaedie4e druk15 dln. 1947-53. Suppleminten (dln. 16 en 17) 1955 en 1957Utert: Oosthoek.
Oosthoeks Encyclopedie5e druk15 dln. 1959-64. Supplemint (dl. 16) 1966Utert: Oosthoek
Oosthoeks Encyclopedie6e drukJac L. Griep en J.A. van Houtte15 dln. 1968-73. 4 Suppleminten (dl. 16-19)Utert: Oosthoek
De Grote Oosthoek. Ensyklopedy en wurdboek7e útjefteJac L. Griep en J.A. van Houtte20 dln. 1976-81. Atlas (dl. 21), 1978. Suppleminten 1 en 2 1981, 1985Utert: Oosthoek