Ons Ideaal

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Fanfarekorps Ons Ideaal is oprjochte yn 1909. It korps is fêstige yn Easterwierrum, mar de leden komme ek út oare plakken. De leden binne fan alle leeftiden, allegear hawwe se muzyk as leafhawwerij.

Besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It korps hat kwa besetting bloeiperioades en mindere perioades hûsn. Yn 2010 bestiet korps út sa'n 25 leden fan alle leeftiden. Sûnt juny 2007 stiet it ûnder lieding fan dirigint Menno Haantjes.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It korps fersoarget geregeldwei konserten yn it doarp, lykas it jierlikse krystkonsert en kofjekonsert. Boppedat docht it korps in pear kear yn it jier mei oan in konkoers of fanfare-festival. De ferening besiket ek om aktyf jeugdleden te werven troch lessen oan te bieden, it hat ek lange tiid in jeugdkorps hân.