Springe nei ynhâld

Olivier van de Voort

Ut Wikipedy
Olivier van de Voort
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Olivier van de Voort
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 2 oktober 1997
berteplak Roermond
sportive ynformaasje
sport swimmen
P.S. Rio de Janeiro 2016
debút 2013 (ynternasjonaal)
wichtige prestaasjes
2x sulver Paralympyske Spullen 2016, 2024

Olivier van de Voort (Roermond, 2 oktober 1997)[1] is in Nederlânsk Swimmer. Hy wûn yn 2016 in sulveren medalje op de 100 meter rêchslach op de Paralympyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van de Voort rekke as alve jierrich jonkje syn linkerûnderskonk kwyt by in slim ûngelok mei syn ponny. As er 19 is debutearret hy op de Paralympyske Simmerspullen en wurdt dêr twadde efter de Oekraïner Maksym Krypak. In jier nei de Spullen beslút Van de Voort om him op syn stúdzje te rjochtsjen. Nei it beheljen fan syn Master diploma, giet er wer swimmen en yn desimber 2023 pleatste er him foar de Paralympyske Simmerspullen 2024 yn Parys.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) sportsspeakers.nl Oliver van der Voort Paralympisch Wereldrecordhouder op de 100 en 200 m rugslag
  2. Omrop Fryslân, 6 desimber 2023, Spektakulêre weromkear bringt Olivier van de Voort nei de Paralympyske Spelen: "Klein beetje trots"