Olderup
| Olderup / Åldrop | ||
| Lokaasje gemeente Olderup (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Mittleres Nordfriesland | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 464 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 9,94 km² | |
| Befolkingsticht. | 47 ynw./km² | |
| Hichte | 14 m | |
| Oar | ||
| Stifting | ein 14e iuw (foar it earst neamd) | |
| Postkoade | 25860 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-nordsee-treene.de | ||
| Kaart | ||
Olderup (Noardfrysk: Åldrop) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Olderup makket diel út fan it amt Mittleres Nordfriesland hat 464 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch hunebêden is it bekend dat de geastgrûn dêr't ek Olderup op leit al sûnt de brûnstiid bewenne wurdt. De oarspronklike delsetting lei lykwols benoarden it hjoeddeiske doarp yn 'e delling fan 'e Arlau. It plak waard oan 'e ein fan 'e 14e iuw foar it earst offisjeel neamd.

De romaanske fjildstiennen tsjerke fan Olderup waard nei alle gedachten al om 1050 hinne boud en is dêrmei ien fan 'e âldste tsjerken yn it hartochdom Sleeswyk. Nei in brân yn 1938 waard de tsjerke yn 'e oarspronklike steat werboud. It âldste stik ynventaris is it romaanske doopfont. Ek de klokkestoel, in kompakte houten klokketoer dy't los fan de tsjerke stiet en yn 'e 16e iuw boud waard, is yn 'e oarspronklike steat bewarre bleaun. De klok wurdt ek hjoed-de-dei noch mei de hân let.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de anneksaasje fan Sleeswyk-Holstein troch Prusen waarden út it gebiet fan it kerspel Hattstedt earst plattelânsgemeenten foarme. De doarpsmienskippen Arlewatt en Olderup foarmen dêrnei tegearre de plattelânsgemeente Olderup. Op 1 april 1934 waard dy gemeente opheft en waarden de twa doarpen selsstannige gemeenten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
